Harns
Is ien fan de Fryske alve stêden en hat omtrint 15.000 ynwenners. It is de op fjouwer nei grutste plak yn Fryslân en is slim wichtich foar de provinsje fanwege de haven. Dêrnjonken is it in wichtige ferbining mei de Waadeilannen. Fanút Harns kinsto mei de boat nei Flylân en Skylge afreizen.
ûntdek dizze prachtige stêd oan it wetter wêr't it hiele jier troch fan alles te dwaan is. Mear dan 600 monuminten tekenjen dizze havenstêd en meitsjen de binnensted slim oantreklik om ris te bezoeken.In de stêd is in diel fan de verdedigingswerken noch altyd te sjen, lykas de oarspronklike grachtengordels en âlde pakhuzen.
Skiednis
Om ende by 1157 stifte Eilwardus Ludinga it kleaster Ludingakerke yn it doarp Almenum. De monniken groeven grêften om de hannelsfeart better mooglik te meitsjen. Ludingakerk waard hjirtroch ien fan de rykste kleasters yn Fryslân. De buert ta westen fan Almenum, Harns, waard dêrtroch sa wichtich dat dizze yn 1234 stedsrjochten krige. Dêrmei is Harns as stêd âlder dan bygelyks Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer of Amsterdam.Noordwestelijk fan Harns lei yn dy tiid noch de stêd Griend mei poarten, grêften en sels in hegeskoalle. Yn 1287 waard Griend as gefolch fan de desastreuze Sint-Luciavloed foar in grut part verzwolgen troch de see. Thansis Griend noch allinne in zandplaat yn de Waadsee. De namme Harns is nei alle gedachten ôfkomstich fan de state Harlinga. Yn 1311 kaam "Harns" foar yn Ingelske havenregisters. Yn 1579 ondertekenden afgezanten fan de stêd de Uny fan Utrecht en op 22 desimber 1634 krige Harns syn octrooi fan de Steaten fan Fryslân foar Groenlandsch- en Strjitte Daevids-visscherij(walvisvaart).
Twa ieuwen lang bestiet Harns, gelegen op in bogtigen uithoek der kust, yn it skaad fan de universiteitsstad Frjentsjer. Mar troch de ferbining mei de see naam de wolfeart stadichoan ta. Earder lei de stêd westelijker dan hjoed, mar de see sloech regelmjittich lân wei. Yn 1543 en 1565 breidde men út yn noardlike rjochting, sadat de Noarderhaven de Binnenhaven wurdt, dy hy no noch is. Op de middei fan 17 maaie 1568 waarden oant fernuvering fan de Harnzers 1800 Waalse soldaten oan lân set, dy letter yn de slach by Heiligerlee ferslaggen wurde. De gehate[bron?] Spaanske kolonel Caspar de Robles - troch Alva dêr as stedhâlder aangesteld - gelastte yn 1574ferheging fan de diken. Yn 1579 folge in útwreiding nei it easten, mei troch de toevloed fan Flaamse mennisten dy't de katolike repressie yn de Súdlike Nederlannen ontvluchten. Troch dizze útwreiding dy't yn trije moannen waard dienmakke, lei de tsjerke fan Almenum no binnen de stadsvesten. De hannelsfeart nei de lannen om Noard- en Eastsee naam ta en yn 1598 waard de stêd wer útwreide, no yn súdlike rjochting. Yn 1596 waard it earste stiennen wenhûs boud, De vergulde Ingel, oan de Lanen 28. It gebou is elk jier op Monumintedei te besjen.
De Suderhaven mei de Fryske Admiraliteit (1790)
Yn 1644 kaam de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns. De Suderhaven krige it karakter fan marinehaven. De vermaarde Tsjerk Hiddes de Vries wurdt der letter luitenant-admiraal. De krijgsvaart bleau lykwols fan minder belang dan de hannelsfeart. Talrijke skippers ûnderholden beurtvaarten nei de Waadeilannen, nei alle hoeken fan de provinsje en nei de Zuiderzeehavens, wêrfan Amsterdam de wichtichste wie. De stêd koe soad nijverheid. Der wiene scheepswerven, bierbrouwerijen, sjippe- en zoutziederijen, stien- en pottenbakkerijen, kalkovens, graan- en zaagmolens. Mar lykas dat al earder it gefal wie mei de Hanzesteden oan de toenmaligeSudersee, waard Harns yn de folgjende ieuwen voorbijgestreefd troch Amsterdam en Rotterdam. Dochs bleau Harns as kustvaart- en fiskershaven mei in soad foarsjenningen en it nij groeven Fan Harinxmakanaal fan grut ekonomysk belang foar Fryslân.
