Boalsert 

is in stêd en ien fan de alve stêden yn de Nederlânske provinsje Fryslân. It wie oant 2011 ek it haadplak fan de eardere gemeente Boalsert, dy opgien is yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Op 1 jannewaris 2013 teldede stêd Boalsert 10.140 ynwenners. 

Skiednis 
Boalsert is ûntstean op in trijetal terpen, wêrfan yn elk gefal de âldste (wêr de Sint Maartenskerk op stiet) datearret fan foar it begjien fan de jiertelling. De Broeretsjerke, op 8 maaie 1980 troch brân verwoest en no as ruïnegeconserveerd, is it âldste gebou fan de stêd en datearret foar in part út it ein fan de 13e ieu. Ek út de midsiuwen stamme it Mariabeeld Onze-Lieve-Vrouwe fan Sevenwouden, tsjintwurdich bewarre yn de Sint-Franciscusbasiliek oan de Dijlakker

Boalsert krige fan Filips de Goede yn 1455 stedsrjochten mei tanksij de redenaar pater Brugman. Boalsert wie ien fan de Hanzesteden

It stedhûs fan Boalsert dat boud waard om 1615, stiet symboal foar de bloei fan de stêd yn de santjinde ieu. It waard yn 1765 fergruttet en verfraaid yn de rococostijl
Yn de twadde helte fan de achtjinde ieu rûn it inwoneraantal fan Boalsert tebek fan 2.878 ynwenners yn 1748 nei 2.500 ynwenners. De pleatslike textielindustrie hie swier te lijen ûnder de bûtenlânske konkurrinsje; de bûter- en kaasmarkt fan de veepest, dy op it Fryske plattelân woedde 

Nijsgjirrichheden: 
- Stedhûs boalsert 
- Broeretsjerke Boalsert 
- Fyts alvestêdetocht 
- Heamiel 
- Rondvaart Boalsert 
- Tsjerken Boalsert 
- Sonnema Bearenburch 
- Us Heit 
- Griene Ryksmonuminten 
- Titus Brandsme Museum 
- Het Gysbert Japicxhus