Frjentsjer

Frjentsjer is miskien wol de bekendste stêd fan Fryslân . De stêd tanket dizze bekendheid oan in tal yndrukwekkende histoaryske foarfallen en gebouwen , mar benammen oan it yn 1781 foltôge en ûnderwilens âldste wurkjende Planetarium op ' e wrâld . Dêrneist wie , Frjentsjer , de twadde stêd fan Nederlân , nei Leien , dêr ' t in universiteit boud en is it noch hieltyd de stêd mei de âldste studentenkroeg fan Nederlân . Mei de histoaryske binnenstêd , de gesellige winkelstrjitten en aardige restaurantjes is Frjentsjer in stêd dy ' t jo west hawwe moat .

 

Frjentsjer en de Alvestêdetocht

Sûnt de Alvestêdetocht yn 1985 en 1986 stiet Frjentsjer, njonken Ljouwert, bekend as de stêd wêr't it grutste feest plak fynt. Dit hat ferskillende redens, mar de wichtichste reden is dat Frjentsjer de lêste rustplek is foar de reedriders wêrnei sy de ‘hel fan it noarden yngean’ en koers sette rjochting Dokkum. In besite oan Frjentsjer wilens de Alvestêdetocht is dan ek ien fan de bêste lokaasjes om lâns de rûte te kinnen stean.

Wisten jo dat..

Neisslezeres Pia Dijkstra yn Frjentsjer berne is?
Frjentsjer de Fryske namme is fan Frjentsjer?
De ynwenners fan Frjentsjer ‘Klokkendieven’ neamd wurde? Dit om't se probjerre hawwe de  tsjerkeklokken út Harns te stellen. 
Yn museum ‘t Coopmanshus de âldste eikenhouten kast fan Nederlân stiet?
Elk jier op de earste woansdei fan augustus de P.C. gekaatst wurdt yn Frjentsjer? Dit is de grutste en wichtichste kaatswedstrijd yn it jier wêr gâns tûzenen minsken op ôf komme.