De tocht

De Alvestêdetocht op de redens is de earste en dêrmei de âldste tocht lâns de alve stêden fan Fryslân. Oant op hjoed binne der fyftjin tochten organisearre, wêrfan de oant no ta lêste yn 1997. Elk jier wurdt de tocht troch it bestjoer en oare meiwurkers folslein (op papier) organisearre. De daadwerkelijke útfiering is ôfhinklik fan it waar.

It feit dat de tocht net elk jier organisearre wurde kin om't it mei namme in strenge winter nedich hat, hat sûnder mis by gedrage oan de kultstatus fan dizze tocht. Dêrnjonken is it reedride fan rom 200 kilometer troch it Fryske lânskip, letterlik yn waar en wyn, fêst ek heroïsch. Of it no is as dielnimmer oan de wedstryd of oan de toertocht, it is bewonderenswaardig!

Prizen en it krúske

It Alvestêdekrúske

Elke dielnimmer, dy binnen de stelde tiid de wedstryd of tocht voltooit en alle stimpels hat sammele, ûntfangt it fel begeerde alvestêdekrúske.

It krúske is ûntwurpen yn 1909. It bestiet út in medalje yn de foarm fan in Maltezer krús mei yn it midden in sirkelfoarm. Dizze sirkel befettet, yn emaille, it wapen fan Fryslân. Yn it opskrift stiet ‘de Fryske Alve Steden’. Yn 2009 hat de feriening it predikaat Koninklijk krigen en is it krúske oanpast, sadat ek it koninklijk kroontje sichtber is. Dizze keninklike krúskes wurde pas útrikt nei de earstfolgjende tocht.

De ôfbylding fan it alvestêdekrúske, it logo, de flagge en de namme (Keninklike) Feriening De Fryske Alve Stêden syn beskerme en meie net sûnder tastimming fan de feriening troch tredden brûkt wurde.of geëxploiteerd.


Prizen wedstryd

Njonken it krúske is der foar de alve earst oankommende mannen en de alve earst oankommende froulju ek in medalje.

De winner by de mannen ûntfangt boppedat de Pim Mulier-wikselpriis: in grutte sulveren skûtel. De winner by de froulju kriget twa wikselprizen: in sulveren bokaal, en ek in sulveren wikselbeker. Sawol de manlike as de froulike winner kriget in krânse.

De nammen fan sawol de manlike, as dy fan de froulike winner, wurde ek gegraveerd yn it byld De Alvestêderider, dat foar de ijshal (Elfstedenhal) yn Ljouwert stiet. De útrikking fan de prizen fynt plak yn Ljouwert wilens de huldiging yn de neimiddei fan de dei wêrop de tocht wurdt ferriden.

Alle medailles en wikselprizen ornearre foar de priiswinners fan de earstfolgjende alvestêdewedstriid syn tentoansteld yn it museum De Fryske Winter. Dit museum is ûnderbrocht yn it Frysk Scheepvaartmuseum yn Snits.

Populêrste moanne foar in Alvestêdetocht:

- Febrewaris: 8 x
- Jannewaris: 6x
- Desimber: 1x

 

Opienfolgende tochten

Yn 1985 en 1986 waard de Tocht der tochten yn twa opeenvolgende jierren riden. Yn 1940, 1941 en 1942 barde waard de Alvestêdetocht mar leafst yn trije opienfolgende jierren ferriden.

Langzaamste en fluchste tocht

De earste Alvestêdetocht wie fuortendaliks de langzaamste. De winner ried omtrint 15 km/h. Yn 1985 -de fluchste- lei de gemiddelde faasje fan de winner 2 kear sa heech, omtrint 31 km/h.